DVD "Rûchhouwers"

DVD "Rûchhouwers"

4,95 €

incl. belastingen plus verzending
Levertijd: max 4 dag(en)

Beschrijving

Rûchhouwers, dat binne it. Allegearre op harren eigen manier, de riders dy’t oan ferskate soarten autocross dogge. Yn Fryslân lûke autocross-eveneminten alle simmers in soad leafhawwers. Programmamakker Wilfried Bijma besjocht yn Fryslân DOK de sport fan tichteby. Wêrom is autocross sa populêr en watfoar minsken crosse der eins?


In soad autocrossers libje hielendal foar harren sport. Binne se net oan it racen, dan meitsje se wol yn garaazjes en skuorren harren auto’s klear foar de wedstriden. Fan de ferskate foarmen fan autocross is de Banger-sport is it meast ekstreem. Riders nimme betiden grutte risiko’s en meitsje hurde klappen. Yn dizze Fryslân DOK wurdt ûnder oaren Sybo Huizinga folge. Hy rydt mei syn RTD-team út Damwâld sawat fyftich auto’s yn it jier oan smots.


De band ‘De Hûnekop’ hat ek in bysûndere rol yn de dokumintêre. Sa skreau sjonger Emiel Stoffers in liet oer it ôfskied fan syn Mercedes. Nei it ôfskaffen fan it belestingfrij riden foar auto’s âlder as 25 jier, stelde er de oldtimer beskikber foar de Banger-sport.

Terug naar Overig